Cambuur wint wer

10 okt 2008 - 22:55

Cambuur hat freedtejûn de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht mei 2-0 wûn. De beide goals foelen yn de earste helte en kamen op namme fan Ruud ter Heide en Nassir Maachi.

Cambuur begûn goed, mar spile in matige twadde helte. FC Dordrecht spile geandewei de wedstriid mei fiif oanfallers, mar de ploech fan âld-Cambuur-trener Gert Kruys wist net te skoaren. Cambuur stiet no njoggende yn de kompetysje, mei 16 punten út alve wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)