F-16's loft yn om in Boeing

10 okt 2008 - 17:49

Twa F-16 fleantugen fan de basis fan Ljouwert ha freed in boargerfleantúch ûnderskept omdat der gjin radiokontakt mear wie. Krekt nei't de F-16's de loft yn gien wiene, waard it kontakt hersteld en koene se werom nei de basis.

It fleantúch, in Boeing 767, fleach op dat momint noch boppe Dútslân en wie ûnderweis fan Turkije nei Amearika. It wie de earste kear dit jier dat F-16's fan Ljouwert ynset waarden om in fleantúch te ûnderskeppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)