Hannelsmisje nei Ruslân

10 okt 2008 - 12:01

Bedriuwen en bestjoerders út it Noarden binne kommende wike op hannelsmisje yn Sint Petersburg. Doel is om de hannel te befoarderjen en de ekonomyske relaasjes te fersterkjen. De hannelsmisje is opset troch de Keamer fan Keaphannel, en Nordconnect, ûnderdiel fan it SNN.

De 19 bedriuwen út Fryslân, Grinslân en Drinte sille prate mei mooglike hannelspartners, foaral op it mêd fan iten. Kommissaris Jorritsma liedt de misje. Ek deputearre Galema sil mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)