Friezen slim ferwûne op A7

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de A7 by Hoogkerk binne tongersdei trije Friezen ferwûne rekke. In autobestjoerder (32) út Easterwâlde helle in oare auto yn en rekke dêrby nei alle gedachten de macht oer it stjoer kwyt. De auto kaam yn de berm en waard lanseard by de fangrail. De auto kaam yn in sleat ta stilstân.
Yn de auto sieten ek in frou (19) en in jonkje fan in jier út Drachten. Alle trije rekken swier ferwûne en moasten nei it sikehûs.