Gearwurking sloepebouwers

© Omrop Fryslân
De twa grutste Fryske bouwers fan sloepen, Antaris út Wâldsein en Maril Boats út Koudum, sille ien groep foarmje. Dat dogge se mei in oare bouwer, Makma út Leiden. Sa tinke de bedriuwen bettere sloepen te meitsjen. Ek soe de gearwurking foardielen ha foar eksport.
De trije bouwers sille as Aquatic Industries fierder. Der komt wol in reorganisaasje, mar elkenien hâldt wurk om't der mear opdrachten ferwachte wurde.