Hajé wurdt sponsor Flyers

10 okt 2008 - 09:57

Hajé Hotels & Restaurants is de nije haadsponsor fan iishockeyclub Flyers. Dat hat de foarsitter bekendmakke. De club docht no ûnder de namme Hajé Flyers mei oan de kompetysje. De foarsitter wol net sizze hoefolle jild Hajé betellet foar de sponsoring.

Eigner Hajé de Jager fynt iishockey in spannende en oantreklike sport. Hy tinkt dat de sport yn 'e takomst in soad oandacht krije sil yn 'e media.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)