Wedstriid Hearenfean ferset

© Omrop Fryslân
De wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Willem II is ferskood nei snein 7 desimber. Yn ferbân mei de Europeeske wedstriden hat it fuotbalbûn wedstriden ferset.
De útwedstriid tsjin Willem II stie pland foar sneon 6 desimber, mar omdat Hearrenfean tongersdei 4 desimber foar de UEFA Cup tsjin Sporting Braga spilet, wurdt de wedstriid tsjin Willem II no in dei letter spile.