Kuilard by natuergebiet

09 okt 2008 - 16:38

Rekreaasjesintrum De Kuilard yn Koudum wurdt by natuergebiet De Fluessen lutsen. De oergong tusken de camping en de natoer fan 'e Fluessen is no noch te hurd. Troch bygelyks reidkragen oan te plantsjen en beammen te kappen moat it rekreaasjesintrum derby lutsen wurde.

Steatsboskbehear fiert de oanpassings út. De organisaasje wol ek oare rekreaasjegebieten by natuer belûke as dat mar yn goede frede mei de ûndernimmer bart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)