Havo 4 en 5 mooglik yn Burgum

09 okt 2008 - 15:54

Burgum krijt mooglik in boppebou-oplieding foar de Havo. De middelbere skoallen Singelland en Liudger litte mei de gemeente ûndersykje oft dat ek kin. De bern fan Havo 4 en 5 moatte no noch nei oare plakken ta.

De skoallen freegje de kommende moannen oan âlden en learlingen oft der ek ferlet is fan in boppebou. Dêrneist besjogge se oft de skoallen mei-inoar de klassen 4 en 5 oanbiede kinne. Begjin maart moat it ûndersyk klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)