Legeynstapbussen net werom

09 okt 2008 - 13:36

De Arrivabussen mei in lege ynstap dy't fan Fryslân nei Grinslân oergien binne, komme net werom. Dat seit Arrivadirekteur Anne_Hettinga. Reizgersorganisaasje Rocov foel it op dat bussen mei in lege flier fan Fryslân nei Grinslân oergien binne. Dat moat om in boete fan dy provinsje foar te kommen, neffens Rocov.

Mar neffens Hettinga hat Arriva yn Grinslân ûnferwachts mear wurk krige. Dêrom binne de bussen opnij ferdield oer beide provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)