Soarchhotel te keap

© Omrop Fryslân
De finansjele problemen by soarchynstelling Philadelphia hawwe konsekwinsjes foar de festigings yn Fryslân. Soarchhotel Egbertsduin op Skiermûntseach stiet te keap. It hotel hat in ferlies fan in heal miljoen euro. Ek is der in fakatuerestop ôfkundige.
Soarchynstelling Philadelphia leveret soarch op lytse skaal oan handicapten. Philadelphia hat in tekoart fan 9 miljoen euro en moat dêrom besunigje.