Undersyk nei cv-ûngelok

09 okt 2008 - 10:22

Der komt in ûnôfhinkelik ûndersyk nei it springen fan in cv-lieding yn it Servotel yn Drachten. In 91-jierige frou rekke derby slimferwûne om't se mei de fuotten yn it siedende wetter kaam te stean.

Ut in earste eigen ûndersyk troch Servotel-eigner WoonFriesland docht bliken dat de koppeling tusken de radiator en de lieding stikkengien is. Nei alle gedachten is der in fout makke doe't de cv-ynstallaasje 15 jier ferlyn oansletten waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)