Trochskowen bussen ûnbekend

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva hat de provinsje net op 'e hichte steld fan it trochskowen fan nije legeynstapbussen nei trajekten bûten Fryslân. Dat seit it bedriuw yn reaksje op krityk fan deputearre Adema en reizgersplatfoarm Rocov.
Arriva soe bewust de bêste bussen yn Grinslân ynsette om dêr de konsesje te hâlden. Yn Fryslân nimt Qbuzz it ferfier yn desimber fan Arriva oer. Oant dy tiid riidt Arriva hjir noch op fersyk fan 'e provinsje.