Akwadukt foar Drachtsterbrêge

08 okt 2008 - 22:27

In akwadukt moat foar in bettere trochstreaming soargje nei it Drachtsterplein yn Ljouwert. Dat akwadukt soe dan komme moatte op it plak fan 'e Drachtsterbrêge fan no. It is de iennichste fariant foar de oanpak fan de brêge dy't oerbliuwt nei it ûndersyk nei de ynrjochting fan it Drachtsterplein. Foar it Drachterplein sels binne der noch twa farianten oer. De polityk moat dêr noch in kar út meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)