Jild foar kultuer yn Ljouwert

08 okt 2008 - 21:29

Ljouwert wol de kulturele haadstêd fan Fryslân bliuwe. Dat seit tydlik wethâlder kultuer Marco Florijn fan Ljouwert. Hy reagearret dêrmei op de brânbrief fan ferskate kulturele ynstellings fan ferline wike.

Dy meitsje har soargen oer de takomst no't der yn de begrutting minder jild frij makke is foar kultuer as earder tasein. Florijn ûntkent dat. It jild komt no net allinnich mear út de kultuerpot, mar ek út oare gemeentlike fûnsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)