Arriva op fingers tikke

08 okt 2008 - 17:17

Ferfierder Arriva hat in tik op de fingers krigen fan 'e provinsje Fryslân omdat se âlde bussen ynsette op har linen yn Fryslân. De nije ride yn Grinslân omdat dêr in tekoart oan materieel is.

Neffens it reizgersplatfoarm ROCOV is dit in bewuste aksje fan Arriva. De ferfierder yn Fryslân is syn konsesje dochs al kwyt en soe de konsesje op dizze wize yn Grinslân behâlde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)