Wachter-priis foar Goemans
Skriuwster Anne-Gine Goemans hat de Anton Wachter-priis 2008 wûn foar har debút-boek Ziekzoekers. De literêre priis is neamd nei de roman-figuer Anton Wachter út de boeken fan Simon Vestdijk.
De sjuery keas it boek fan Goemans út mear as 100 ynstjoerders. De priis sil 8 novimber yn Harns útrikt wurde, it berteplak fan de skriuwer Vestdijk.