Lân hast te wiet om te rispjen

08 okt 2008 - 16:07

Troch it minne waar moatte boeren bysûndere middels ynsette om de rispinge fan it lân te krijen. De grutte masines dy't de gewaaksen gewoanwei binnen helje, komme fêst te sitten op it wiete lân. Dêrom ride de masines no mei rupsbannen.

In soad boeren hawwe it leanbedriuw ynhierd om de mais fan it lân te heljen. Under de hakselaar binne rupsbannen setten en mei in rupsdumper kin de mais opfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)