Ryksjild foar wetterkwaliteit

08 okt 2008 - 12:14

Fryslân krijt 12 miljoen euro ekstra fan it Ryk om de kwaliteit fan it iepen wetter yn de provinsje te ferbetterjen. De provinsje, Wetterskip Fryslân en inkele gemeenten sille it jild besteegje oan seis projekten.

Ien fan de projekten is it werstellen fan de wâlen en kaden fan de Tsjûkemar en de westside fan de Tsjonger. It wetter moat skjinner wurde, mar de maatregels moatte ek soargje dat de omjouwing mei profitearret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)