De Hoop foarsitter KIMO

© Omrop Fryslân
Boargemaster Albert_de_Hoop fan Amelân is keazen ta foarsitter fan de KIMO, de ynternasjonale miljeu-organisaasje dy´t striidt tsjin de fersmoarging fan seeën lykas de Noardsee en de Ierske See. Der binne 128 lannen lid fan de KIMO. De Hoop wie ferline jier al keazen ta vice-foarsitter.
Ien fan de lêste besluten fan de KIMO hat west om de Europeeske kommisje te freegjen maatregels te nimmen foar in feiliger ferfier fan seekonteners, omdat dy gauris oer board slaan.