Skarsterlân yn de prizen

08 okt 2008 - 06:23

Skarsterlân is foar de tredde kear keazen ta MKB-freonlikste gemeente fan Noard Nederlân. MKB Noard hâldt om it jier in ferkiezing. 3200 middenstanners yn it Noarden prate mei oer harren ûnferfining mei gemeenten.

Fryske gemeenten komme der goed foar wei: yn de top 10 steane 7 Fryske gemeenten. Ferwerderadiel stiet twadde. By de ferkiezing wurdt sjoen nei belestingen, tefredenheid fan ûndernimmers en kommunikaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)