Wetterskip fersmyt krityk boer

© Omrop Fryslân
De grutte wetteroerlêst op it lân fan boer Thom_de_Groot by Grou is it wetterskip net oan te rekkenjen, seit wurdfierder Frank Havik. Neffens De_Groot hat it wetterskip net op tiid in pear skowen iepenset en dêr is hy hiel lulk oer. Mar neffens Havik hat de boer it wetterskip pas moandeitemoarn oer de faks frege om dat te dwaan en dêr is op reagearre.
De_Groot seit dat 'r foar it wykein al belle hat, it wetterskip bestridet dat.