Vroeg op stap-debat yn Keamer

07 okt 2008 - 10:39

It inisjatyf fan de aksjegroep VroegopStap sil kommende tongersdei yn Den_Haach yn in spesjaal debat bepraat wurde. Op 18 maart fan dit jier waard it inisjatyf fan de Fryske froulju Hannie_Gorter en Myriam_Loonen ôfwiisd, omdat de hantekens digitaal ynlevere wiene en net skriftlik.

It kabinet hat no besletten der wol oandacht oan te jaan, omdat it sa breed droegen wurdt troch de boargers. Minister Rouvoet fan Jeugd en Gezin sil sels mei foarstellen komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)