Ynspeksje folget Piter Jelles

© Omrop Fryslân
De ûnderwiisynspeksje hâldt Piter Jelles Montessori de kommende tiid skerp yn de gaten. Begjin dit jier hat de ynspeksje de skoalle kontrolearre en doe die bliken dat der dingen mis wiene. Sa soene de lessen fan ´e ferskate fakken net genôch opinoar oanslute en ek by de oergong fan it iene jier op it oare giet in soad mis.
Piter_Jelles hat in plan fan oanpak opsteld. De ynspeksje hat dêr betrouwen yn, mar sil de útfiering fan dat plan yn ´e gaten hâlde.