Camping Akkrum ferkocht

© Omrop Fryslân
Camping Tusken_de_Marren yn Akkrum wurdt ferkocht. Projektûntwikkelder Rotteveel_M4 út Alkmaar leit 1.7 miljoen euro op tafel foar de trije bunder grûn oan de Meinesleat.
De gemeenteried moat de ferkeap noch goedkeure, mar dat sil neffens wethâlder Oane_Jochem_de_Vries gjin probleem wêze. De ôfspraken mei Rotteveel slute hielendal oan by wat de ried wol. De projektûntwikkelder is fan doel om ek noch sân bunder neist de camping oan te keapjen.