Brân yn âlde supermerk Grou

Yn in leechsteande supermerk oan de Oostergoostrjitte yn Grou is moandeitejûn krekt nei healwei tsienen brân útbrutsen. Sawol de brânwacht fan Grou as dy fan Akkrum hat it fjoer bestriden.
Ek de heechwurker fan Ljouwert hat meiholpen. De reek soarge foar in soad oerlêst foar omwenners, mar der is neffens de brânwacht gjin asbest frijkaam. De omjouwing fan ´e winkel is in populêr plak foar omstipjende jeugd. Brânstifting wurdt dêrom net útsletten.