Ferlies Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 4-2 ferlern fan Jong_De_Graafschap. Yn Doetinchem makke Leon_Broekhof foar de thúsploech nei alve minuten de 1-0. Fiif minuten letter kaam de lykmakker fan Samuel_Armenteros.
Nei it skoft waard it frij flot 3-1 troch Jordij_Buijs en Donny_de_Groot. Donovan_Deekman brocht de spanning werom (3-2), mar it ´alles of neat´ fan Jong Hearrenfean slagge net. Yn de ekstra tiid waard it noch 4-2 troch opnij Donny_de_Groot.