Frou mei mes mishannele

06 okt 2008 - 16:53

In frou (37) út De Jouwer is moandeitemoarn om ûngefear 6.20 oere ûnderweis nei har wurk fan 'e fyts lutsen en mei in mes bewurke. Se ried op de Vegelinswei doe't se ynhelle waard troch in auto mei twa manlju.

De man oan de passazjierskant stapte út, rûn nei har ta en bedrige har mei in mes. Dêrnei helle hy in pear kear út mei dat mes oer har boarst. Se naaiden út doe't der in oare auto oan kaam. De plysje siket om tsjûgen en hat in sinjalemint fan 'e fertochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)