Sosjaal plan suvelfúzje klear

© Omrop Fryslân
Minsken dy't har baan ferlieze troch de fúzje tusken Friesland Foods en Campina kinne rekkenje op help fan har âlde wurkjouwer by it finen fan in nije baan. Dat stiet yn it sosjaal plan dat de fakbûnen mei de suvelbedriuwen ôfsletten hawwe.
Troch te skowen mei wurknimmers wolle de bedriuwen besykje safolle mooglik minsken oan it wurk te hâlden. As dat net slagget wurdt in skeafergoeding betelle. Troch de fúzje ûntstiet in bedriuw fan mear as 22.000 wurknimmers.