Bouboeren mei hannen yn't hier

06 okt 2008 - 12:09

Mei de hannen yn it hier. Dat stiene de bouboeren op it Bilt snein doe't it reinwetter nei ûnderen kaam. Der kaam yn in pear oeren tiid safolle wetter nei ûnderen dat it lân ûnderstrûpte en se koene der neat oandwaan. Foar guon boeren betsjut dat grutte skea want se hiene de jirpels en de sipels noch net binnenhelle.

Oft de rispinge echt ferlern is moat yn de kommende dagen bliken dwaan as it lân opdroeget. De boeren sochten inoar op by it gemaal fan Swarte Haan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)