Gemalen folop oan it meallen

© Omrop Fryslân
De gemalen yn Noardwest-Fryslân binne yn elts gefal dizze hiele wike noch wakker dwaande mei it fuortmeallen fan it reinwetter dat snein fallen is.
De gemalen by Swarte Haan en Roptasyl pompe tegearre goed 1100 kubike meter wetter de minút de Waadsee yn. Mar dan noch sil der de hiele wike trochwurke wurde moatte om it peil wer omleech te krijen. Snein is út ein set mei it pompen en moandei stie it wetter noch fierstente heech. Ekstra pompen yn it lân moatte helpe.