Feanster rint mei fleismes

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is sneintemoarn betiid oanholden troch de plysje op fertinking foar ferbean wapenbesit. De man wie yn in diskoteek op de Vleesmarkt oanholden troch personiel omdat er in grut fleismes by him hie.
It personiel belle de plysje. Dy naam de man mei nei it buro. Hjir is er foar fierder ûndersyk ynsletten.