Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de mishanneling fan in man (41) út Grou. Hy waard yn de nacht fan sneon op snein út de tiid slein troch in 42-jierrige man út Ljouwert.
De man út Grou stie op de Weaze yn de haadstêd tsjin in taksy oan te skoppen en te slaan, omdat de sjauffeur sein him dat er him net meinimme koe. De Ljouwerter seach dat en sloech him tsjin de grûn. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.