Man slacht famke brutsen noas

05 okt 2008 - 14:01

In 19-jierrige man út De Wylgen is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn de feesttinte yn Boazum. Under ynfloed fan alkohol wie fjochterij ûntstien, wêrby't oer en wer skolden en slein waard.

Hjirby sloech de man út De Wylgen in 16-jierrich famke út Abbegea. Se rûn dêrby in brutsen noas op. De plysje naam de man mei nei it buro. Nei ferhear en in proses-ferbaal mocht it wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)