Rely Jorritsmapriis útrikt

© Omrop Fryslân
De Rely Jorritsmapriis is sneon útrikt yn de tsjerke fan Bears. De priis gie nei Elske Kampen fan Gytsjerk. Sy foel dûbel yn de prizen, want se makke it bêste ferske en dêrneist skreau se ek it moaiste ferhaal.
De sjuery wie net te sprekken oer it nivo fan de ynstjoerings. Der sieten in soad kreupele foarmen en falske noaten yn de gedichten en ferhalen. By de junioaren wie it nivo in stik better, sa sei sjueryfoarsitter Bauke van der Hem.