Ferlies Aris en Flyers

Flyers - Tilburg (foto Martin de Jong)
De basketballers fan it Ljouwerter Aris Friesland ha de earste kompetysjewedstriid yn en fan Rotterdam ferlern. It waard 80-51 foar de thúsploech.
De iishockeyers fan de Hearrenfean Flyers ferlearen op it eigen iis de striid om de Ron Berteling-skaal. Lânskampioen en bekerwinner Destil Trappers út Tilburch wie mei 9-1 te sterk. Dizze wedstriid telt net mei foar de bekerkompetysje. It gong allinne om de 'rom en eare'.