Fryske ûndernimmers posityf

© Omrop Fryslân
Undernimmers yn Fryslân binne minder ûntefreden oer de takomst fan de ekonomy as har kollega's yn de rest fan it lân. Ut de jierlikse barometer dy't yn opdracht fan MKB Nederlân útfierd is, docht bliken dat it fertrouwen fan Nederlânske ûndernimmers yn de ekonomyske ûntwikkelings alarmearjend leech is.
Hast 70% is negatyf oer de takomst. Neffens MKB Fryslân binne Fryske ûndernimmers wat positiver. Dat komt foaral om't Friezer wat nochterer binne.