Deadline poeseparadys tichtby

04 okt 2008 - 14:50

De deadline foar katte-opfang Het Poezenparadijs yn Nij Altoenae komt tichterby. Eigner Jacqueline Claus mei fan de rjochter fan 1 novimber ôf noch mar tsien katten hâlde yn har wenhûs.

Dy útspraak kaam yn july nei klachten oer oerlêst, doe't se noch sa'n 60 katten opfong. Der binne sûnt july al 20 katten op natuerlike wize deagien. Frou Claus wol yn heger berop gean. Dêrtroch kin de saak wol in healjier duorje. Krekt lang genôch sadat genôch katten op natuerlike wize deagean kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)