100.000e fûgel ringe op Skier
Op Skiermûntseach is sneon de hûnderttûzenste fûgel ringe. Al 40 jier wurdt dat op it eilân dien. Skiermûntseach is in wichtich plak foar trekfûgels en dêrom hiel geskikt om de bisten te ûndersykjen.
It ringjen wurdt dien yn it fûgelringstasjon Het Groene Glop. Direkteur De Graeff fan Natuermonuminten hat de hûnderttûzenste fûgel ringe.