Feesttinte Boazum ferankere

© Omrop Fryslân
Frijwilligers yn Boazum ha sneon de hiele moarn dwaande west mei it ferankerjen fan de feesttinte. Der wurdt sneontejûn stoarm ferwachte, oant wynkrêft 9. Yn de tinte fan 120 meter lang begjint sneontejûn 'De nacht fan Boazum'.
Dêr komme sa'n 3000 minsken op ôf, mar dy binne feilich, fersekeret de organisaasje. Wol ropt dy besikers op om mei in taksy te kommen. Troch it minne waar fan de ôfrûne dagen kinne auto's fêst komme te sitten yn it lân.