Ferskate ynbraken yn Fryslân

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in wente oan de Feart Westside yn Donkerbroek is goed tûzen euro en in gouden horloazje stellen. De ynbrekkers hellen it guod út in klûs. De 45-jierrige bewenster hat oanjefte dien.
Ynbrekkers ha har slach slein yn de bergings fan flats oan de Eikenstrjitte yn Ljouwert. De dieven kamen binnen troch de algemiene tagongsdoar. Mei-inoar binne der trije fytsen, in soleks en in doaze mei ark meinaam.