Famke ferwûne by oanriding

04 okt 2008 - 13:04

In alve-jierrich famke is freed op de Dokter B. Hornstrasingel yn Burgum ferwûne rekke by in oanriding. It famke stuts in krusing oer, mar krige gjin foarrang fan in automobilist.

Se botste frontaal tsjin de sydkant fan de auto en ferwûne dêrby de ankel. De autobestjoerder is nei de oanriding trochriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)