Zumkehr wer nei de rimboe

04 okt 2008 - 13:02
Foto: Omrop Fryslân

Piet Zumkehr fan Skylge giet opnij nei Papoea-Nij-Guinea foar ynsekte-ûndersyk yn de rimboe. Zumkehr ûntduts yn 2005 yn Papoea-Nij-Guinea al in nije flintersoarte. It ynsekt is ek nei him ferneamd: 'Notata zumkehri'.

Moandei set er wer ôf mei fjouwer oare ynsektesaakkundigen op syk nei ûnbekende flinters. Op 6 novimber komt er wer werom.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)