Michelin-gids foar gemeenten

04 okt 2008 - 10:29

Der komt in soarte fan Michelin-gids foar Fryske gemeenten. De gemeenten kinne stjerren krije at se harren eigen ynwenners goed helpe kinne at it giet om de WMO.

It systeem is lyk oan dat fan de Michelin-gids: fiif is hiel goed, ien hiel min. 20 gemeenten dogge mei oan it projekt en binne de ôfrûne wiken besocht troch in 'mystery guest'. Dat binne echte klanten dy't de kwaliteit fan de helpferliening teste. De gids moat noch dit jier útkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)