Winst foar Cambuur

De blide spilers (foto: Martin de Jong)
Cambuur wûn freedtejûn de thúswedstriid mei 3-2 fan Haarlem. En dat wie de earste oerwinning yn de kompetysje sûnt 29 augustus. Sandor van der Heide wie yn de earste helte de grutte man mei twa goals.
Haarlem kaam werom oant 2-1, mar doe't Rachid El Khalifi de 3-1 makke like de wedstriid beslikke. Yn blessueretiid kaam Haarlem noch op 3-2 en waard it dochs noch spannend. De trije punten bleaunen lykwols yn Ljouwert.