Nije bus foar Bogerman

03 okt 2008 - 19:43

De muzikanten fan it Bogermankolleezje yn Snits ha wer in eigen bus foar har ynstruminten. De âlde wie flak foar de simmer stikken gien. De skoalle kin net sûnder eigen ferfiermiddel. De learlingen dy't spylje yn de Big Band of bygelyks it keamerkoar reizgje it hiele lân ôf foar optredens.

De bus is folslein betelle troch sponsors.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)