´Mear kultuerjild yn Ljouwert´

03 okt 2008 - 14:47

Ljouwert moat gau jild op it kleed lizze foar kultuer yn de stêd, want oars komt it op ´e kop ferkeard. Dat sizze de kulturele ynstellings. Se roppe de gemeenteried op in masterplan op te stellen. Oars koe de kultuernota fan Ljouwert wolris as in nachtkears útgean.

Yn dy nota stiet dat it kultuerbudzjet struktureel omheech giet. Mar yntusken is al dúdlik wurden dat dat net kin, wylst it wol nedich is om de ferskate ynstellings better ûnder dak te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)