Caparis wer op 'e goede wei

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis komt stadichoan út de finansjele problemen. Dit jier wurdt ôfsletten mei in tekoart fan 3 ton. Earder waard noch útgien fan in tekoart fan 9 ton.
Yn 2009 hopet Caparis út de reade sifers te wêzen. Der is noch wol in negatyf fermogen fan 5 miljoen euro. De acht gemeenten dy't dielnimme yn Caparis sille dat fuortwurkje. Om finansjeel sûn te bliuwen, sil Caparis tenei ek oare doelgroepen oan in baan helpe.