Utstel betelling taksysintrale

De taksysintrale Noordwest-Fryslân hat útstel fan betelling oanfrege. By de taksysintrale wurkje mei-inoar rûchwei 100 minsken. Wurdfierder De Winter ferwachtet dat in fallissemint fan it bedriuw net mear foar te kommen is.
De útstel fan betelling is oanfrege omdat it bedriuw de leanen net mear betelje koe. De taksysintrale is in goed jier lyn ûntstien út in fúzje. It bedriuw fersoarget it sikeferfier, it taksyferfier en it WMO-ferfier yn it noardwesten fan Fryslân.