Belesting Dongeradiel omheech

03 okt 2008 - 11:17

Hûseigners yn Dongeradiel binne de kommende jierren mear kwyt oan ûnreplik saakbelesting. De belestingferheging is ien fan de maatregels om de begrutting oant 2012 slutend te krijen.

Dongeradiel moat de kommende tiid in soad achterstallich ûnderhâld oan diken, brêgen en gemeentlike gebouwen fuortwurkje. Dat is yn it ferline lizzen bleaun, krekt om de lesten foar de ynwenners sa leech mooglik te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)